Jan is al sa’n 50 jier aktyf yn de Fryske toanielwrâld en hat eins gjin yntroduksje mear noadich. Hy is bekind fan ûnder oaren JM Teaterwurk, Tryater, Omrop Fryslân en ferskate Fryske films.
Frans Douwe Slot is in Fryske pianist dy’t earder studearde oan de konservatoria fan Grins, Utrecht en Boedapest. Hy hat meardere cd’s opnaam en treedt ûnder oaren op mei selliste Wytske Holtrop, fioeliste Lisa Jacobs en it Colori ensemble. Ek jout Frans Douwe les op it konservatoarium fan Grins.
Teke Hettinga is in Fryske fioeliste dy’t altyd al in bining mei teater hân hat. Sa hat se bygelyks meardere teaterstikken foar bern makke dy’t tûzenen bern rûnom yn Fryslân yn ‘e kunde komme litten ha mei klassike muzyk. Fierders hat se mei it programma ‘Kleintje Klassiek’ in tagonklik konsertprogramma wat al op ferskate podia yn Fryslân te hearren west hat.
Famke Anne van der Mark is in jonge Fryske ballerina dy’t as famke al meidûnse mei de Notenkraker fan het Nationale Ballet yn Amsterdam. Se hat in brede dûnsoplieding en dûnset ûnder oaren mei mei it programma Kleintje Klassiek wêr se ek de choreografieën foar makke hat.
Teke Hettinga - konsept, muzyk, foarmjouwing, fûnsen, PR en produksje
Bruun Kuijt - rezjy
Catrien van der Molen - tekst
Roelof Nolles - ljochtûntwerp en technyk
It bestjoer fan Samar, Jan en Willy Hettinga, Arjen van der Mark, Hans van der Mark, Marijke Geertsma, Matthew Pawlicki-Sinclair, Cecielle Keizer, Naaiatelier by Trijntje, Fotografie Wiersma, Nynke Eerligh, Nanne Hoitenga, Harmonie Weidum en Hylke Tromp.